Raze om protters

Hear my, sjoch my!

Yn it libben fan Doede is in soad feroare. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget foar him ûnbetelber te wurden. De maat is fol. Hy easket in poadium om tiid en oandacht te freegjen foar sýn libben, foar wat hý wichtich fynt.

Yn Raze om protters nimt Doede it publyk mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstmes. In stik oer ûnfrede, mar ek in stik fol humor en tragyk. It giet oer dy bûtensletten fiele, om’t it liket oft de wrâld net foar dy makke is. Hoe bliuwsto dan oerein?

Zaterdag 5 oktober as. in de Bidler, Wergea. 
Aanvang: 20.00 uur
Entree: € 17,50 Freonen/CJP € 15,50 
Kaarten kunt u reserveren via deze link.
Of u kunt bellen naar 058 – 255 2342 (dhr. J. Tadema)